Menu

Praat fan de wyn

it is neat oars as de wyn
dy’t my nachts wekker makket
nee, nee, neat oars as de wyn
dy’t tsjin my praat yn ’e sliep
it is neat oars as de wyn

o fanke, mar ien kear sil er komme
hy blaast it stof út dyn reade fingers
hy waait de tear út dyn swarte klean
stil sil de moanne oer it skouder sjen

it is neat oars as de wyn
dy’t my nachts wekker makket
nee, nee, neat oars as de wyn
dy’t tsjin my praat yn ’e sliep
it is neat oars as de wyn

stil sil de moanne oer it skouder sjen
en de wyn sil in hûs fol earms wêze
en de wyn sil in hûs fol stjerren wêze
o fanke, mar ien kear sil er komme

dan is dyn bêd in draaiende wynmûne
dan is dyn lekken in teken op de wyn
helje it wetter út dyn tosken en kiezzen
en de wyn sil in hûs fol earms wêze
helje it fjoer út dyn neils en skonken
en de wyn sil in hûs fol stjerren wêze

it is neat oars as de wyn
dy’t my nachts wekker makket
nee, nee, neat oars as de wyn
dy’t tsjin my praat yn ’e sliep
it is neat oars as de wyn


Wind talk

it’s nothing but the wind
that wakes me at night
no, no, nothing but the wind
that talks to me in my sleep
it’s nothing but the wind

oh, my girl, it will come one day
it blows the dust from your red fingers          
it smoothes the folds from your black clothes
the moon will look calmly over its shoulder

it’s nothing but the wind
that wakes me at night
no, no, nothing but the wind
that talks to me in my sleep
it’s nothing but the wind

the moon will look calmly over its shoulder
and the wind will be a house full of arms
and the wind will be a house full of stars
oh, my girl, it will come one day

your bed will be a whirling windmill
your sheet will be a billowing sign
take the water out of your mouth and eyes
and the wind will be a house full of arms
take the fire out of your fingers and toes
and the wind will be a house full of stars

it’s nothing but the wind
that wakes me at night
no, no, nothing but the wind
that talks to me in my sleep
it’s nothing but the wind

Lyrics: Albertina Soepboer // Music: Wende Snijders // English translation: Susan Massotty