Menu

De wite moarne

de hiele nacht ha ik net sliept
en myn kessen is noch waarm
sa waarm oan beide kanten
en wer bin ik dronken wurden
fan allinne dyn lûd op ’e drompel

de twadde kears dôvet
en de ravens skrieme

te dreamen fan ús sliep tegearre
it is te let, it is fierste let
mar de doar sit net ticht
de iere sinne rûkt nei see
en ik ha de moed net mear
op bêd te gean, te sliepen

de twadde kears dôvet
en de ravens skrieme

hoe ôfgryslike wyt is it blyn
foar it wite rút
hoe soe ik no sliepe
dreame fan ús, it is te let
en ik ha de moed net mear
op bêd te gean
hoe ôfgryslike wyt is dizze moarne

de twadde kears dôvet
en de ravens skrieme


White morning

I haven’t slept all night
my pillow is still hot
so hot on both sides
and I’ve got drunk again on
your voice in the doorway

the second candle dying
and the ravens crying

to dream of us asleep together
it’s too late, it’s far too late
but the door isn’t locked
the early sun smells of sea
and I haven’t got the strength
to go to bed, to sleep

the second candle dying
and the ravens crying

how unbearably white the blind
on the white window
how could I sleep now
to dream of us, it’s too late
and I haven’t got the strength
to go to bed
how unbearably white is this morning

the second candle dying
and the ravens crying

Lyrics: Albertina Soepboer
Music: Tiago Machado
English translation: Susan Massotty