You Tube My Space Twitter Facebook





SINGLE: AS DE LEAFDE NET BESTIE  CD: NORMADE  ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: DE MAISFROU  ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: SIELESALT  SINGLE: DE ÛNTDEKKER  SINGLE: HAMBRE DEL ALMA  SINGLE: DAT WAARME HERT  MINI-CD: FADO BLUE  MINI-CD: FADO BLUE 
STELTRINNERS

Op ’e lêste oere fan de middei
as ús skaden al mar langer
oant it lege ljocht in reuzekeppel
delskriuwt op it droege gers,

himelhege steltrinners
statich hân yn hân
kening keninginne fan
in machtich steppelân,

stean wy te sjen
stom en ferbjustere
nei ús leafde
hjir fertoand

op wiere grutte.

Tekst: Nynke Laverman
Muziek: Nynke Laverman & Ward Veenstra

Nederlandse vertaling
« terug