You Tube My Space Twitter Facebook





ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: DE MAISFROU  ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: SIELESALT  SINGLE: DE ÛNTDEKKER  SINGLE: HAMBRE DEL ALMA  SINGLE: DAT WAARME HERT  MINI-CD: FADO BLUE  MINI-CD: FADO BLUE 
DREAM

De trein bonkt de nacht yn
it dinderjend en ratteljend
ûnhandich widzeliet
docht syn wurk.

Tsjoeketsjillen fiere my
it ryk fan sliepers yn.

It ryk is frjemd hjoed
en sûnder ein oars as
alles dat noflik is om
fêst te pakken of
nêst te sitten in
leaf gesicht of
in memmehân.

De trein bonkt de nacht yn
it dinderjend en ratteljend
ûnhandich widzeliet
docht syn wurk.

Tsjoeketsjillen fiere my
it ryk fan sliepers yn.

Tiidsônes komme
as miggen op my ôf
en nimmen seit
hoe let
ik moat derút
de trein hâldt yn-

Nêst in lyts blau hûs stiest
lakest (ik bin der noch!)
en swaaist.
Myn hert falt teplak ik
laitsje swaai my nei dy ta
mar do swaaist
dúdliker no
my út.

De trein bonkt de nacht yn
it dinderjend en ratteljend
ûnhandich widzeliet
docht syn wurk.

Tekst: Nynke Laverman
Muziek: Nynke Laverman & Ward Veenstra

Nederlandse vertaling
« terug