ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: DE MAISFROU  ALBUM: NACHT FAN DE MAISFROU  ALBUM: SIELESALT  SINGLE: DE ÛNTDEKKER  SINGLE: HAMBRE DEL ALMA  SINGLE: DAT WAARME HERT  MINI-CD: FADO BLUE  MINI-CD: FADO BLUE 
NET FERTELLE

fier fan hûs wol ik fertelle
fan seeën dy’t griis en flaktes dy’t grien
fan boatsjeminsken en wetterwurken
fan bôle fan sûker en huzen fan stien

fan tsjerketuorren en rjochte linen
fan bern dy’t alles fan Sinteklaas
fan iisferearing en oergerdinen
wol ik fertelle fier fan hûs

mar ûnsisber wêrom’t ik
dy manshege skonken ha
ûnsisber de hân dy’t
my stal joech en kleur
ûnsisber bliuw ik yn stilte

thús fan fier wol ik net prate
oer marren fan sâlt en stoarmen fan sân
oer blauwe minsken en ankelbonken
oer stêden dy’t sonken en seeën fan lân

oer wolketuorren en lavastreamen
oer bern dy’t inkeld fan sinne en wyn
oer manljusstimmen en frouljusdreamen
wol ik net prate thús fan fier

ûnsisber de lucht dy’t
myn ieren ferromme
ûnsisber it stof dat
him biet yn myn klean
ûnsisber myn souvenir

mar lit it sprekke
yn stilte wêrom’t
myn skaad langer is
myn eagen ferdjippe
en myn ribben te krap

Tekst: Nynke Laverman
Muziek: Nynke Laverman & Ward Veenstra

Nederlandse vertaling
« terug