DE ŪNTDEKKER
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de wrāld
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hūs
ik wit net wźrt ik bin
ik wit net wat der komt
mar myn fuotten stampe fierder
oer de rāne fan de krater
ik wol witte wat ik bin
yn alle hoeken fan de wrāld
ik wol noch net nei hūs
ik wol it witte
ik bin de ūntdekker
fan it grutte ūnbekende yn my
ik bin de ūntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de wrāld
ik feroarje mei it lānskip
ik ferraan mei de klimaten
ik gean op yn alle kleuren
sla de bek yn elke taal
ik kolkje mei rivieren
lis it oan mei metropoalen
lit my felje troch de sinne
lit my folje mei de rein
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
en ik wol noch net nei hūs
yn woastinen sier ik sān
drink ik tee mei skorpioenen
swim ik linich as de slangen
ūnder koele rotsen troch
yn it iislān bin ik breid
sliep ik yn in wite suite
op it heechste himelbźd
sjong ik lieten fan kristal
ik bin de ūntdekker
fan it grutte ūnbekende yn my
ik bin de ūntdekker
myn spoaren binne farsk
alle dagen bin ik nij
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de wrāld
myn swarte fuotten rinne
oer de rāne fan de krater
myn swarte fuotten rinne
rinne rinne rinne rinne
mar fyn my as ik immen fyn
immen dyt ik net weromken
immen dyt ik net werken
fyn my as ik immen fyn
fan wasto net mear hālde kinst
fyn my, fyn my dan werom
Tekst: Nynke Laverman
Muziek: Nynke Laverman & Ward Veenstra
Nederlandse vertaling
« terug