|
NYNKE LAVERMAN komt út Weidum, studearre yn 2002 ôf oan de Akademie voor Kleinkunst yn Amsterdam en fûn it jier dêrop de Fryske fado út. Har debútalbum bestie út troch har oersette gedichten fan J.J. Slauerhoff dy’t sy song op muzyk út de Portugeeske fadotradysje. It mankelike en it pure fan SIELESÂLT rekke in grut publyk, Nynke wie troch it hiele lân te sjen en it album behelle de gouden status. Yn april 2005 song sy foar keninginne Beatrix yn de tv-sjo ter eare fan har 25-jierrich regearingsjubileum en brocht sy de single Dat waarme hert út.
Fan de kroegen yn Lissabon nei it strjitlibben yn Meksiko Stêd. Tegearre mei dichteres Albertina Soepboer reizgen sy yn ’e simmer fan 2005 nei dizze rauwe stêd om Nynke's twadde programma en album DE MAISFROU út te brieden. Albertina skreau it grutste diel fan de teksten. Meksikaanse, Kubaanse en Argentynske ynfloeden kamen de muzyk yn en soargen foar in útbundiger album, wêrop’t Nynke mear kleuren sjen lit. Op ’e nij yn har memmetaal, it Frysk. Op de presintaasje fan it album yn maaie 2006 krige Nynke de Piter Jellespriis, in literêre priis foar har Slauerhoff-oersettingen.
DE MAISFROU toerde twa seizoenen lâns de Nederlânkse teaters en waard yn juny 2007 ôfsletten mei DE NACHT VAN DE MAISFROU. Dizze lêste foarstelling yn de teatertún yn Riis waard fêstlein en ein 2007 op DVD en CD útbrocht, tegearre mei de dokumintêre DIT IS GJIN BEGJIN dy’t Robertjan Brouwer makke oer De Maisfrou. De dokumintêre gie yn premiêre op it Noardelik Filmfestival yn Ljouwert. Earder dat jier brocht Nynke de single Hambre del alma út en spile en song sy de titelrol yn de muzykteaterproduksje CECILIA fan Orkater. Yn july fan dat jier stie se mei har muzikanten foar in útferkocht Concertgebouw yn Amsterdam.
It wie tiid foar in nij aventoer. Nynke gie nei Mongoalje en libbe in moanne by in nomadefamylje op de steppe as tarieding op har tredde album, NOMADE. Sy woe har eigen grinzen wer in stikje oprekke en joech harsels de opdracht diz' kear sels alle teksten te skriuwen. Har ferbliuw yn dit machtich útstrekte lân, by minsken dy’t hieltyd ûnderweis binne en in kultuer fol rituelen en tradysjes kenne, bliek in hiel fruchtbere boaiem. It jier 2008 naam sy de tiid foar it ûntwikkeljen fan it album. Nei it skriuwen fan de teksten, makke sy tegearre mei gitarist Ward Veenstra it grutste part fan de muzyk, wêryn’t westerske popynfloeden, Fryske fanfare-eleminten en elektroanika opdûke. Ek gie sy in oantal ynternasjonale gearwurkingen oan mei û.o. it City of Prague Philharmonic Orchestra en de Iislânske producer/engineer Valgeir Sigurdsson, dy’t in pear nûmers mikste.
Fierder wurke sy yn de tuskentiid mei oan koartrinnende projekten lykas 'Fado Blue' mei Fernando Lameirinhas en JW Roy, 'In de ban van Bannink' mei Holland Symfonia en 'Leonard Cohen in het Fries' (CD/DVD) wêrop’t sy it nûmer ‘Hallelujah’ fertolket. Sy joech konserten mei it Magogo Kamerorkest, it NNO en it Metropole Orkest, en op Keninginnedei 2008 song sy foar de keninklike famylje yn Frjentsjer. Op 5 maaie 2009 wurke sy as solist mei oan it 5 maaie-konsert op de Amstel.
Op 14 maart 2009 ferskynde it album NOMADE en gie de konserttoer troch it lân fan start yn it Muzykgebou oan it IJ yn Amsterdam.
|