You Tube My Space Twitter Facebook




IK BIN DE ÛNTDEKKER
FAN IT GRUTTE ÛNBEKENDE YN MY
IK BIN DE ÛNTDEKKER
MYN SPOAREN BINNE FARSK
ALLE DAGEN BIN IK NIJ

Untdekke. Grinzen oprekke. Unbekend gebiet yngean. De kick dy't dat jout en de eangst dy't dat opropt, is wat Nynke Laverman fassinearret en wat har driuwt ta de muzyk dy't se makket. Mei har debút ferkende sy daliks nij terrein en makke de ‘Fryske fado’ ta in begryp. ‘Sielesâlt’ rekke in grut publyk en it album behelle de gouden status. Op har twadde album ‘De Maisfrou’ zoomde sy yn op de Meksikaanse kultuer en joech sy har eigen fertaling fan de Latynske pasión. Nei yn in protte útferkochte teaters stien te hawwen, fûn sy it tiid har grinzen opnij te ferlizzen.

Foar NOMADE reizge Nynke nei Mongoalië dêr't sy in moanne lang libbe by in nomadefamylje op de steppe. By minsken wa's libben ien grutte trektocht is troch in ymmins útstrekt lânskip, wa's libben bestiet út al mar opbrekke en fierdergean, it âlde efterlittend, it ûnbekende temjitte. Harren libbenswize en kultuer makken grutte yndruk en har ferbliuw by harren blykte in hiel fruchtbere bron foar in album wêrop't sy mei earder sammele bagaazje op'e rêch, ferrassende ôfslaggen nimt en nije muzikale lânskippen binnenmarsjeart, it grutte ûnbekende temjitte.

Ward Veenstra - gitaren
Reyer Zwart - bas & gitaar
Jan Stavenuiter* - slachwurk & dulcimer
Maarten Helsloot - keyboards & elektroanika

* Sytze Pruiksma - tour I & Jan Roel Hamersma - tour II

Sebastiaan Meijer - lûd
Yvon Muller & Jeroen Smith - ljocht
Jesse Boeijen - klean
Claudy Jongstra - filten top Nynke
Ira Judkovskaja - einregy

Fan begjin maart 2009 ôf te sjen troch it hiele lân.
De CD NOMADE ferskynt op 14 maart 2009.



EK WICHTICH!

It wie fassinearjend in tiid te ferbliuwen yn Mongoalje en efkes diel te wêzen fan de yndrukwekkende nomadekultuer op it plattelân. Mar ik hearde ek oer de problemen yn de stêden. Dat dêr in protte bern op strjitte libje dy't it yn keihurde omstannichheden mar rêde moatte. Om't ik sjoen haw hoe folslein takomstleas sy binne sûnder help, wie ik bliid te hearren oer Anna Home, in opfanghûs foar strjitbern dat mei help fan de Nederlânske stifting All for Children oprjochte is yn Choibalsan. Dit geweldige inisjatyf moat stipe wurde! Foar ús begrippen kostet it nammentlik net safolle om in bern dêr te helpen oan iten, in ûnderkommen en ûnderwiis.

Fandêr dat ik hjirby graach melde wol dat dit projekt bestiet. Jo kinne der mear oer lêze op:

www.allforchildren.info

Groetnis!
Nynke