Op it stuit wurket Nynke oan in foarstelling mei Noord Nederlandse Dans. Al in pear moanne is sy mei koreograaf Stephen Shropshire, elektroanysk komponiste Anne Parlevliet en de dûnsers dwaande mei it meitsjen fan TIDAL. Dizze gearwurking komt fuort út in dield langstme nei it ferlizzen fan artistike grinzen, út nijsgjirrichens nei de mooglikheden fan de keppeling fan lichem en stim, klank en beweging. Boppedat hâldt Nynke al fan jongs ôf oan fan (moderne) dûns en sjocht sy dit as in grutte artistike útdaging.
Op 30 en 31 maaie wie der in presintaasje fan it work-in-progress. It 1e diel fan TIDAL, 'Undertow' wie yn syn earste oanset te sjen op Parkdans yn Eindhoven en yn de Stedsskouboarch yn Grins.
Dit diel sil nochris te sjen wêze op de Amsterdamse Uitmarkt opsnein 29 augustus om 17.30 yn de Stedsskouboarch.
Mei moarntejûn (29 aug) in reportaazje oer TIDAL op Kunstof TV. Om 18.25 oere op Ned 2.
De foarstelling giet yn premiêre op 21 oktober yn de Stedsskouboarch Grins en reiziget dan troch it lân (sjoch aginda).