| |

LIVE-KONSERTEN COHEN YN IT FRYSK
Op 4, 5 en 6 septimber fine yn De Lawei yn Drachten 3 teaterkonserten plak fan it projekt 'De Partisanen - Leonard Cohen in het Fries'. Alle 12 artysten dy't meiwurke hawwe oan de foarich jier ferskynde CD/DVD, ûnder wa Nynke mei 'Hallelujah', dogge mei en bringe harren Cohen-song. Ek sille der in oantal nije fertolkingen te hearren wêze. Nynke sjongt bygelyks tegearre mei Elske DeWall 'Jeanne d'Arc'.
www.coheninhetfries.nl
|
| |
|