| |

NIJE ALBUM NOMADE IS ÚT!
It tredde album fan Nynke Laverman NOMADE is hjoed presintearre yn in útferkocht Muzykgebou oan it IJ op de premiêre fan de lyknammige konserttoer. It album is ynspirearre op Nynke’s ferbliuw by in nomadefamylje op de steppen fan Mongoalje. It earste eksimplaar waard har oerlange troch de út Ulaanbaatar ôfkomstige aktrise Moogii Ichagwasuren, dy’t no yn Nederlân wennet en troch dit projekt befreone rekke is mei Nynke. O/m 19 april is Nomade troch it hiele lân te sjen.
De CD leit fan hjoed ôf yn de winkels en is fansels ek te bestellen fia de winkel op dizze webside!
|
| |
|