
NYNKE STIPET KOLOMBIAANSKE GIZELERS
Op 20 july bringt Nynke tegearre mei de Kolombiaanske sjonger Miguel Osorio de single I DARE YOU / TE DESAFÍO út mei it doel oandacht te festigjen op al dy minsken dy’t noch hieltyd gizele binne troch de FARC en oare bewegings yn Kolombia. Sy makken it liet yn opdracht fan Stifting Ingrid Bétancourt Nederland. De libbenshâlding fan de befrijde Ingrid Bétancourt tsjinne as ynspiraasje foar de tekst.
Belústerje I DARE YOU / TE DESAFÍO
Lês de liedtekst
De single is te bestellen by de stifting Ingrid Bétancourt Nederland fia www.betancourt.nl Mei it keapjen fan de single stypje jo it wurk fan de stifting dy’t har al jierren ynset foar de frijlitting fan de gizelers yn Kolombia.
|