| |

KLUBTOER NOMADE
De ûnderskiedende miks fan muzikale stilen fiert Nynke nei in súksesfolle teatertoernee no ek lâns klubs en festivals. Har eklektyske en enerzjike oanpak yn kombinaasje mei har izersterke band meitsje de fúzje fan wrâldmuzyk, Fryske fanfare, pop en elektroanyske muzyk ta in likernôch ynternasjonale sensaasje. Elk fan Nynke’s albums is in unike kombinaasje fan ideeën en lûden, faak fuortkommend út gearwurking mei ferneamde komponisten en dichters. Har lêste album NOMADE lit lykwols ek Nynke’s talint as tekstskriuwer en komponist sjen. De gearwurking mei gitarist/producer Ward Veenstra blykt in gouden kombi.
Ein 2009 makket in showcase yn Tivoli De Helling dúdlik dat Nynke ek foar in steand publyk poerbêst út de fuotten kin. Nynke: “It wie in aparte erfaring om op Oerol ôfrûne simmer en yn Tivoli te merken dat in stevige, mear elektroanyske oanpak fan myn muzyk hiel goed wurket en in ekstra diminsje tafoeget.”
CHECK DE FOTO'S!
|