
|
HAMBRE DEL ALMA - single
(Eigen behear: FAMA, 2007)
'Hambre del alma' (honger fan de siel) heart by it programma De Maisfrou, mar is letter makke en dêrom los op single útkommen. It is in swingend, ekstravert nûmer dat kwa styl fan Meksikaanse folklore oergiet yn in Kubaanse montuno. De Fryske liettekst fan Nynke giet oer it grutte langstme immen te begearen, yn termen fan it ite en drinke wolle fan immens lichem... tengo hambre, mi amor! Dêrby hat se in fleuchje Spaanske poëzij brûkt fan Alfonsina Storni. De muzyk is makke troch Ward Veenstra en tegearre mei Joël, Sytze en Nynke fierder útwurke. As twadde track op dizze single fynst in fersy fan it nûmer 'Swarte ierde' sa 't dy live spile wurdt.
|
|