SIELESÂLT/LIVE - DVD
in mearke fan langstme en wetterskea
(FAMA 2010)

Op har fyftjinde hearde Nynke Laverman foar it earst de klanken fan de Portugese fado. De mankelikens, de needsaak yn de lieten en de wize fan sjongen troffen har drekt. Dochs hat sy der doe net wat mei dien; it like foarbeholden oan berne Portugezen om oertsjûgjend en yn it Portugeesk dit genre te fertolken.

Jierren letter krige sy lykwols it idee har memmetaal te brûken en doe kloppe it yniens. De ‘Fryske fado’ wie berne. Sy fertaalde sân fersen fan Slauerhoff yn it Frysk, op muzyk fan de Portugese komponist/gitarist Custódio Castelo. Tusken dizze fersen troch frissele sy it mearke fan de Ondinen (Der wie ris) op muzyk fan Waldemar Bastos en sa ûntstie de foarstelling ‘Sielesâlt’.

It houlik tusken de mediterrane meldijen en de noardelike taal bliek hiel lokkich. De foarstelling waard in grut súkses en it album ‘Sielesâlt’ behelle de gouden status. Omrop Fryslân makke yn novimber 2004 in opname fan de foarstelling, dy’t op tillevyzje útstjoerd waard. Dizze registraasje is net earder útjûn, mar foar de echte leafhawwer no dochs te krijen!

Mei Nederlânske ûndertiteling